Waskemeer’s Doarpslied
Tusken Bakkefean en Hauke, Leit in Doarpke nei ús sin, Der is fêst gjin plakje op ierde, Der't sa goed wêze kin. 't is wol ald, mar jong fan jierren, 't Leit sa smûkje oan de feart, Yn it súden en it westen, Hat min fan ús doarp noait heard. Refrein Waskemeer, Waskemeer, Parel fan ús Fryske Wâlden, Waskemeer, Waskemeer, Wy sil altud dan dy hâlde. Né, wy sill'dy noait dorjitte, Doarpke yn Eaststellingwerf, En al moat wy dy forlitte, Dy bliuwst doch ús aldfoars erf. Mei fyn âlde en nye hyzen, Trije skoallen bist do ryk, Do bist foar ûs ien ût tûzen, Want gjin doarp is dy gelyk. Refrein Tritich-kilometer zône, Feiligheid stiet hjir foarop. En in luxe strjit-ferljochting, Nou der knapt us doarp fan op. Al dy moaye nije huzen, Op it plak fan d'ald febryk, En in neie kuierbrêge, Elkenien fyld him hjir ryk. Refrein
